Near the village park Vijversburg can be found, also known as the 'Bosk fan Ypey' or 'Bos van Ypey' (Forest of Ypey). This domain was earlier held by the rich families Looxma and Ypey. Later it became the property of The 'Op Toutenburg' Foundation. The park is laid out by the landscape architect Roodbaard.
There are two windmills in the village, the Himriksmole and Lytse Geast.
Fan Wikipedia
Tytsjerk is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel, west fan Hurdegaryp, sawat 9 kilometer east fan Ljouwert. It spoar Ljouwert - Grins ferdielt dit yn âld en nij Tytsjerk. De buorskip Lytse Geast falt ek ûnder Tytsjerk.
Tytsjerk hat in doarp fan boeren en fiskers west. Oan de seine en skepnet fan it doarpswapen is soks noch te sjen. Yn de flagge binne beide foarwerpen twa krusende banen. Tytsjerksters wurde ek wol as skieppekoppen oantsjutten.
Yn de Midsiuwen hiet it doarp Thiakerka of Tiakerka. Soks soe wize kinne op in hillige mei de namme Thialdus, Titus, Thialda of Titia. Mooglik hat it earder it haadplak fan de gritenij west, de namme Tytsjerksteradiel wiist dêr op.
Ut de fûneminten kin ôflaat wurde dat it tsjerke der tusken 1200 en 1300 al stien hat. Yn in tsjerklike oarkonde wurdt it plak yn 1328 neamd. Yn 1720 binne de fûneminten lein foar it hjoeddeiske tsjerke.
De tsjerkeklok út 1608 hat yn 'e Twadde Wrâldoarloch nei Dútslân west, mar is werom komd. Dy hat eartiids oan in klokkestoel hong, mar hinget no al wer twa iuwen yn de tsjerketoer.
Tichtby it doarp leit park Vijversburg, ek bekend as de bosk fan Ypey. Dy wie eartiids yn besit fan de begoedige famyljes Looxma en Ypey, letter waard it eigendom fan de Stichting op Toutenburch. It park is oanlein troch Roodbaard. Der wurde geregeld tentoanstellings holden. It is de bedoeling om der in grut keunstpark fan te meitsjen. Op 18 maart 2005 waard de nije tagongspoarte iepene. Omdat it park doe ek fergrutte waard, hjit in no Grut Vijversburg. It park hat in fraaie teekoepel.
It park grinzet oan it natoer- en rekreaasjegebiet De Griene Stjer. Dêr stiet de Himriksmole, in spinnekopmole.
Cultural Centre Yn 'e Mande



The Church of Tytsjerk



Park Vijversburg


